Voor de pers

 

PERSBERICHT 31-10-2014

Tentoonstelling over schelpenboeken bij Tresoar / Utstalling oer skulpeboeken by Tresoar

Schelpen, door de eeuwen heen hebben mensen ze al verzameld. De bijzondere vormen, de mooie kleuren en de houdbaarheid maken schelpen tot echte ‘hebbedingetjes’. In vroeger tijden werden er tekeningen van schelpen in boeken getoond. Tegenwoordig zijn er fotoboeken over schelpen.
Tresoar heeft een mooie collectie schelpenboeken, van heel oud tot zeer recent (1555 - 2013).
Nu de landelijke schelpenvereniging, de Nederlandse Malacologische Vereniging, kortweg de NMV, 80 jaar bestaat en allerlei activiteiten organiseert, is dat voor Tresoar aanleiding om een tentoonstelling van schelpenboeken te maken. Naast boeken worden er ook echte schelpen uit privéverzamelingen tentoongesteld.
De belangrijkste activiteit van de NMV is “Breng je Schelp” waarbij mensen met hun gevonden schelpen langs mogen komen. In Leeuwarden is dat op 22 november a.s. in het Natuurmuseum Fryslân. De tentoonstelling van Tresoar sluit daarbij aan. Dit in samenwerking met de Schelpenwerkgroep van het Natuurmuseum Fryslân.

Over de tentoongestelde boeken
Eén van de oudste schelpenboeken ter wereld, geschreven door Rondeletius in 1555, is op de tentoonstelling te bekijken. Verder een prentenboek van Rumphius met prachtige tekeningen van “rariteiten” uit Ambon (postuum uitgegeven in 1705), de serie boeken van de Zweedse bioloog Linnaeus die heel veel schelpen hun Latijnse naam gaf en de fraai geïllustreerde “Natuurkundige Uitspanningen” van de Zeeuwse geneesheer en natuuronderzoeker Job Baster uit 1765. Maar ook boeken van de laatste eeuw zijn te zien, bijvoorbeeld van Dorsman, Entrop en de Boer tot de Ecologische atlas Nederlandse weekdieren van 2013.
De oudste boeken zijn het interessantst want toen hadden de schelpen nog niet hun wetenschappelijke naam. Die kwam pas vanaf 1758 in zwang toen Carolus von Linnaeus zijn binaire (tweedelige) naamgeving bedacht. Deze bestaat uit een geslachts- en een soortnaam. Deze naamgeving wordt nu door wetenschappers in de hele wereld gebruikt. Opvallend is hoe weinig de schelpen door evolutie veranderd zijn, c.q. hoe nauwkeurig ze destijds al zijn afgebeeld.

De tentoonstelling is te bezichtigen van woensdag 5 t/m zaterdag 29 november tijdens openingsuren van Tresoar: ma. 13-17, di. 9-21, wo. - vr. 9-17 en za. 9-13 uur. Toegang is gratis.


Frysk:


UTSTALLING OER SKULPEBOEKEN BY TRESOAR

Skulpen, troch de ieuwen hinne hawwe minsken dy al sammele. De bysûndere foarmen, de moaie kleuren en de hâldberens meitsjen skulpen ta echte ‘snústerijkes’. Yn earder tiden waarden der tekeningen fan skulpen yn boeken toand. Tsjintwurdich binne der fotoboeken oer skulpen.
Tresoar hat in moaie kolleksje skulpeboeken, fan hiel âld oant tige resint (1555 - 2013).
No’t de lanlike skulpeferiening, de Nederlandse Malacologische Vereniging, koartsein de NMV, 80 jier bestiet en allegear aktiviteiten organisearret, is dat foar Tresoar oanlieding om in útstalling fan skulpeboeken te meitsjen. Njonken boeken binne der ek echte skulpen út priveesamelings te sjen.
De wichtichste aktiviteit fan de NMV is “Breng je schelp” dêr’t minsken mei har fûne skulpen del komme meie. Yn Ljouwert is dy op 22 novimber yn it Natuurmuseum Fryslân. De útstalling fan Tresoar slút dêrby oan. Dat yn gearwurking mei de Schelpenwerkgroep fan it Natuurmuseum Fryslân.

Oer de útstalde boeken
Ien fan de âldste skulpeboeken yn ’e wrâld, skreaun troch Rondeletius yn 1555, is op de útstalling te besjen. Fierder in printeboek fan Rumphius mei prachtige tekeningen fan “rariteiten” út Ambon (postúm útjûn yn 1705), de rige boeken fan de Sweedske biolooch Linnaeus dy’t in hiel soad skulpen har Latynske namme joech en de moai yllustrearre “Natuurkundige Uitspanningen” fan de Sieuwske dokter en natuerûndersiker Job Baster út 1765. Mar ek boeken fan de lêste ieu binne te sjen, bygelyks fan Dorsman, Entrop en de Boer oant de Ecologische atlas Nederlandse weekdieren fan 2013.
De âldste boeken binne it meast nijsgjirrich want doe hiene de skulpen noch net har wittenskiplike namme. Dy waard fan 1758 ôf brûkt doe't Carolus von Linnaeus syn binêre (twadielige) nammejouwing betocht. Dizze bestiet út in geslachts- en in soartnamme. Dizze nammejouwing wurdt no troch wittenskippers yn de hiele wrâld brûkt. Opfallend is hoe’n lyts bytsje de skulpen troch evolúsje feroare binne en hoe presiis sy doedestiids al ôfbylde binne.

De útstalling is te besjen fan woansdei 5 o/m sneon 29 novimber ûnder iepeningsoeren fan Tresoar: mo. 13-17, ti. 9-21, wo. - fr. 9-17 en sneon. 9-13 oere. Tagong is fergees.

Bijlagen:

 


Terug naar de pagina voor de pers

28-03-2017